Foto: Istock

Ynternasjonale dei fan de memmetaal, doch mei oan #FryskSichtber

21 febrewaris

Elk jier wurdt troch de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale Memmetaaldei fierd. Dy dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferksaat en meartaligens.  Ynternasjonale Memmetaaldei bestiet dit jier 20 jier en om dat te fieren hawwe wy in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En do kinst fansels meidwaan! Lês hjir mear oer de aksje #FryskSichtber. Wy binne benijd nei dyn bydrage!