Ynternasjonale dei fan de Memmetaal

21 febrewaris

Elk jier wurdt troch de UNESCO op 21 febrewaris de ‘Internationale Dag van de Moedertaal’ fierd. Dy dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en meartaligens.  Yn Fryslân presintearret it EBLT yn gearwurking mei Slieker Film alwer foar de seisde kear in nijsgjirrige film yn in minderheidstaal. Dizze kear is dat neat minder as de wrâldpremjêre fan de alderearste film yn it Stellingwerfs: Daor Klept de Klokke Weer. Tiid: 19.00 oere. Plak: Slieker Film, Ljouwert. Oanmelde fia: eblt@fryske-akademy.nl. Mear ynfo yn de útnûging.