COL Skriuwersfakskoalle, foto: Natalia Balanina

Yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

3 septimber

Nei de fakânsje dyn literêr talint ûntwikkelje, en dêrby it Frysk as skriuwtaal brûke? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 24 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein, mar fannejûn is der fan 19.00 oant 21.30 oere in fergees tagonklike yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Aardich om te neamen: twa fan de seis winners fan in Rely Jorritsmapriis dit jier binne studinten fan de Skriuwersfakskoalle! Mear ynformaasje oer de Skriuwersfakskoalle fynst hjir.