Alden binne bliid mei it Taalkado

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
27 septimber 2018
LJOUWERT - It bertegeskink fan de provinsje Fryslân, it Taalkado, wurdt troch âlden tige posityf ûntfongen. Dat docht bliken út in stekproef

ôfnommen troch Kevin van der Zwaag, studint oan de Thorbecke Academie en stazjêr by de provinsje Fryslân.

Alden krije it Taalkado by de berte-oanjefte by in dielnimmende gemeente. It Taalkado is sûnt 2016 de opfolger fan it Taaltaske.

Meartalichheid
Yn it Taalkado sitte ûnder oare Fryske en meartalige foarlêsboekjes, in knuffelkubus dy’t it brûken fan meardere talen stimulearret en in cd mei Fryske berneferskes. Dêrmei biedt it Taalkado âlden de mooglikheid om bern op in leuke en leechdrompelige wize yn oanrekking te bringen mei it Frysk.

Foar âlden sit der ek ynformaasje yn oer bygelyks meartalich grutbringen en twatalige pjutte- en berne-opfang. It Taalkado makket harren bewust fan de foardielen fan de meartalige omjouwing dêr’t bern grut yn wurde.

Ofspyllist
Sawat 300 ûntfangers fan it Taalkado hawwe de enkête fan Van der Zwaag ynfolle. Sy wurdearje it Taalkado yn totaliteit tige posityf. Wol hawwe guon âlden suggestjes foar ferbettering oandroegen. Sa soe de cd mei Fryske ferskes neffens guon âlden yn de takomst better ferfongen wurde kinne troch in eigentiidskere foarm. Bygelyks in ôfspyllist mei Fryske berneferskes fia in online muzyktsjinst.