foto: gemeente Achtkarspelen

Arjan Hut nije Wâlddichter

Frije tiid
1 febrewaris 2019
Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Yn 2005 waard er keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert.

Arjan Hut publisearre oant no ta fjouwer dichtbondels, wêrfan syn lêste ‘Aurora Bossa Nova‘. Meast resint ferskynde fan him in Citybook-ferhaal oer Ljouwert, skreaun yn opdracht fan Vlaams-Nederlands huis voor cultuur en debat deBuren út Brussel. Dat ferhaal, ‘Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte’, is ek yn it Nederlânsk en Ingelsk oerset en is fergees as audioboek te downloaden. As Wâlddichter fan Achtkarspelen wol Arjan him fierder ûntwikkelje as skriuwer en dichter.

It earste optreden fan Arjan Hut sil wêze op tongersdei 7 febrewaris by de ynstallaasje fan de nije boargemaster fan Achtkarspelen.

Om it kulturele en literêre libben yn Achtkarspelen te stimulearjen, hat de gemeente sûnt 2009 in Wâlddichter. Eardere Wâlddichters wienen Sytse van der Werf, Ate Grypstra, Suzan Bosch en Meindert Talma.