Nij printeboek fan Paul van Dijk ferskynd by de Afûk

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
5 novimber 2020
Omke Ûle past op is de titel fan it nije printeboek skreaun én yllustrearre troch Paul van Dijk. De haadpersoan yn it boek, Omke Ûle, is oeral benaud foar en dêrom bliuwt er it leafst feilich thús. Op in dei moat er op syn neefke passe, dat wól wat fan de wrâld sjen wol. En sa komt Omke Ûle der yn it ferhaal achter dat it goed is om ek ris nije dingen te probearjen. It boek Omke Ûle past op is sûnt hjoed te krijen by de Afûk.

Van Dijk hat in jier oan it ferhaal wurke. ‘It is in waarm ferhaal mei in boadskip foar jong en âld: it kin in goed gefoel jaan om sa no en dan wat nijs te probearjen.’

It ferhaal yn Omke Ûle past op is op rym skreaun en Van Dijk makke de kleurige yllustraasjes sels. ‘Ik haw earst it ferhaal op rym makke, dêrnei koe ik my op de yllustraasjes rjochtsje. Ûlen binne prachtige bisten om te tekenjen. De kleurige platen binne makke mei gûasje, wetterferve en pastelkryt.’

In fysike boekpresintaasje wie der net, mar it earste eksimplaar is wol op in bysûnder plak oan in bysûnder persoan oerlange. It earste eksimplaar hat Van Dijk nammentlik oerhandige oan syn soan Hidde yn Sybrandy’s Speelpark. De auteur hat dy lokaasje útsocht om’t de ûle yn syn ferhaal oeral benaud foar is, en hielendal foar it attraksjepark dêr’t syn neefke him mei nei ta nimt.

Omke Ûle past op is fan no ôf te keap yn de boekhannels, de Afûkwinkel en de websjop fan de Afûk en is foar bygelyks Sinteklaas óf de krystdagen in oanrieder om kado te dwaan … of te krijen!