Basisskoallen kinne har wer opjaan foar it Sjongfestival
Dat alles op in positivie wize, want it Sjongfestival is in aventoer dy’t de learlingen net gau ferjitte sille. Dat jildt seker foar de finale op it grutte poadium fan skouboarch De Lawei yn Drachten!
Huh?! Sjongfestival?
It Sjongfestival is in twajierlikse talintejacht foar basisskoallen. Learlingen út groep 6, 7 en/of 8 foarmje in koar en sjonge sa moai mooglik in Frysk of meartalich liet. Dêrmei dogge se audysje. De bêste skoallen fertsjinje op freed 29 maaie in plak yn de finale op it grutte poadium fan De Lawei.
Foar it Sjongfestival wurkje Cedin, Keunstwurk, de Afûk en Omrop Fryslân gear om de grutste muzykcontest foar Fryske basisskoallen del te setten. De hiele klasse kin meidwaan, want behalve nei it sjongen sjocht de sjuery ek nei útfiering en oanklaaiïng.
Sjoch op www.sjongfestival.frl foar mear ynformaasje én de kearndoelen dêr’t it Sjongfestival by oanslút.
Ynskriuwe kin oant en mei 14 febrewaris (foar de foarjiersfakânsje).