© foto Hoge Noorden / Jacob van Essen

Belibje it wer: koffers fol ferhalen

Op it wurk
4 maart 2019
In foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út in lang ferfleine tiid. By dy oantinkens hearre faak moaie ferhalen. Spesjaal foar de âldereinsoarch en -deibesteging binne troch de Afûk temakoffers makke om dy ferhalen foar it ljocht te bringen. De koffers mei de namme Belibje it wer biede werkenber materiaal fan doe en dogge in berop op de oantinkens oan eartiids en binne fan hjoed ôf te keap.

De koffers Belibje it wer ha de folgjende tema’s: Hânwurk & moade, Skoalletiid, Reedride en alvestêdetocht, Muzyk & toaniel en Iten & drinke. Neist werkenber materiaal biede se ek praatplaten, boeken en in koarte dúdlike ynstruksjekaart wêrtroch’t se op leechdrompelige wize yn te setten binne troch aktiviteitenbegelieders, frijwilligers en mantelsoargers. De koffers binne oanfolle mei digitaal materiaal sa as ferhalen en byldmateriaal dy’t earder ferskynd binne fia Dat wie doe sa, in projekt dat rjochte is op it brûken fan it Frysk yn de soarch.

Presintaasje en oanbieding
Op tongersdei 7 maart 2019 binne de earste 14 koffers Belibje it wer presintearre en oanbean oan de stichting Freonen fan Bennema State. Bennemastate,  in soarchsintrum fan Noorderbreedte bestiet út ferskate lytse wenfoarmen. Sa is er foar bewenners mei psychogeriatryske oandwaningen in lytsskalige wenfoarm, binne der wenfoarmen mei soarch en is der in deisintrum. De koffers sille yn al dizze wenfoarmen yn de húskeamers, by bewenners yn it appartemint en yn it deisintrum ynset wurde. Wolst mear witte of de koffers ek sels brûke? Foar mear ynformaasje en bestellen sjochst hjir.

Belibje it wer is makke yn gearwurking mei studinten en dosinten fan de Friese Poort en meiwurkers fan Zorggroep Hof & Hiem en Leppehiem en ynspirearre op Belibje it mar, kultueredukaasje foar it spesjaal ûnderwiis. Belibje it wer wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.