Berneboeke-ambassadeur op besite yn de wachtkeamer fan de ortodontist
Skriuwster Lida Dykstra is sûnt begjin 2020 de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It earste part fan 2020 hat Lida al oan in soad basisskoallen in besite brocht, mar der is sáfolle mear mooglik. En in foarlêsmiddei yn in praktyk heart dêrby absolút ta de mooglikheden.
In iepening fan in skoalle of gebou, in lêzing foar âlders en masters en juffen (offline, mar ek online!), in moaie berneboeke-aksje foar in organisaasje of gewoan as fraachbaak foar fragen oer it Frysk lêzen en Fryske berneboeken. De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês-en boekwille te fersprieden, yn de breedste sin.
Orthodontiepraktijk Leeuwarden hat nei ôfrin santjin Fryske berneboeken oanskaft dy’t bern yn de wachtkeamer lêze kinne.