Fryslân hat al sûnt 2020 syn eigen Berneboeke-ambassadeur! Sûnt jannewaris 2023 is Tialda Hoogeveen Berneboeke-ambassadeur en sy set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. En it moaiste is dat sy ek by jim delkomme kin. Sa’n besite is hielendal fergees. Meld jim skoalle, biblioteek of oare organisaasje hjir oan!

Dochsto in berop op de BBA? Leuk! Tialda komt by jim del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen of workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lesbrieven by Fryske berneboeken meitsje.

Mear oer de Berneboeke-ambassadeur en oanmelden fynst hjir.