Berneboekeskriuwers op toernee mei it Aksjeboek foar bern

Leare & ûnderwiis
9 oktober 2018
It is in drokke tiid foar berneboekeskriuwers Hanneke de Jong en Linda de Haan. Hast alle dagen fan de Kinderboekenweek binne se op paad mei harren aksjeboek: De Bonsterkes  op   ̓e terp. Wistest dat se om it aksjeboek hinne in spesjale foarstelling makke ha? Dy foarstelling is al op tal fan skoallen mei sukses opfierd en dat kin ek by jim op skoalle! Ek as de Kinderboekenweek wer foarby is. Foar mear ynformaasje nimst kontakt op mei ynfo@afuk.nl, û.f.f. foarstelling Bonsterkes op 'e terp.

Yn it boek giet it oer de famylje Bonsma dy’t mei harren bern Joery en Nine krekt ferhuze binne fan de stêd nei it doarp. Foar de bern is it bot wennen. Soene se wol wer nije freonen meitsje? It boek slút moai oan op it tema fan de Kinderboekenweek: “Freonskip”. It Aksjeboek is noch de hiele moanne te keap foar mar € 4,95, de foarstelling is û.o. noch te sjen op de Kinderboekendag yn Terherne op snein 14 oktober fan 13.00 – 17.00 oere.

Boekgegevens

De Bonsterkes op   ̓e terp

Auteur: Hanneke de Jong

Yllustrator: Linda de Haan

Pagina’s: 64

Utfiering: ynbûn, full colour

Leeftyd: 4 – 9 jier

ISBN: 9789056154745

Aksjepriis: € 4,95 (29 septimber o/m 31 oktober). Dêrnei € 9,90.

Utjouwer: Bornmeer yn opdracht fan Boeken fan Fryslân

www.bornmeer.nl