Der binne in hiel soad Fryske berneboeken dy’t oanslute by it tema. Boeken om foar te lêzen of foar de bern om sels te lêzen. Wy hawwe de allermoaiste boeken foar jim útsocht en hjirûnder op in rychje setten. Sjoch foar wiidweidige ynformaasje oer de Kinderboekenweek op www.cpnb.nl.
Bernboekedei yn Terherne
Elke lêste snein fan de lanlike Kinderboekenweek is it gewoanwei Berneboekedei yn it hert fan it Kameleondoarp Terherne. Dit jier giet it spitigernôch (wer) net troch már wol sille dêrom de dielnimmende skoallen dit jier ekstra stipe wurde mei boeken yn it Frysk en Nederlânsk, en lesbrieven om ek de wille foar bern en lêrkrêften te fergrutsjen. Sjoch op www.berneboekedei.frl foar mear ynformaasje.
Foarskoalsk en ûnderbou
Kening & Kening
In humoristysk mearke oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem omdat dy wolris mei pensjoen wol. Der komt in rige prinsessen foarby, mar de prins wurdt der net oars fan, oant der in wûndermoaie prins delkomt…
Prinses Pompebledsje
‘Myn famkes hâlde fan alles wat mei prinsessen te meitsjen hat. Dit boek foel dan ek behoarlik yn ’e smaak (…) it moaiste is dochs wol dat der njonken alle oare bekende prinsessen no ek in Frysk prinseske is.’
Nijntje op ‘e buorkerij
Yn dit boek kinst mei nei de buorkerij en sjen watfoar bisten der allegear binne.
Kikkert en de fallende stjer
Stjerren sjen mei Kikkert en syn freontsjes. Witsto watsto dwaan meist asto in fallende stjer sjochst?
Tûzen wurden
Kinsto it einepykje fine? En sjochst de foarwerpen rûnom ek op de grutte plaat? Mei tema-siden dêr’t ek in hiel soad beroppen op foarby komme.
In echte jonge en In echt famke
Ik kin fan alles wêze: in astronaut of in plysje, in hekse of in sjirurch, in yndiaan of in prins(ses), in brânspuitman, in kening, cowboy, treinmasinist of in piraat …
It aldermoaiste trekkerboek
Miskien wolsto letter wol boer wurde of by in leanbedriuw wurkje? Dit boek fertelt fan de trekker dy’t de hiele dei oan it wurk is. Watfoar masines brûkt de trekker?
Stip, lûden op ‘e pleats
Stip helpt syn heit Simen hjoed op ‘e pleats. Druk op de knoppen en hear de bistelûden. De trekker fan Stip is it alderlûdst!
Tomke en de bijen
Tomke siket blomkes foar Kornelia. Mar o nee, hy sjocht in bij. Help! Romke wol de bij pakke, mar Kornelia hâldt him tsjin. Se nimt Tomke en Romke mei nei ymker Jan, en dêr sjogge se wat bijen allegear dogge.
Myn grutte syk- en ûntdekboek – fan alles wat rydt, fart of fljocht
Bou, spoar, fleanfjild, merk, buorkerij en noch folle mear! In hiel soad syk- en sjochwille mei dit ryk yllustrearre boek dêr ‘t fan alles yn te sjen en te belibjen falt.
Joazefine is siik
Kij binne ek wolris siik. Foar de boerinne is it dúdlik: Joazefine is ferklomme! It hiele programma wurdt ôfwurke: poatwynsels, krûdetee en koartstermometer. Miskien wolsto letter ek wol siike bisten of minsken better meitsje?
Middenbou
Skoare by FC Top
Skoare by FC Top giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy’t gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út ’e stêd te sjen.
Kampioenen fan FC Top
Dit boek giet oer de fuotballer David, dy’t spilet by it grutte FC TOP. Mar it giet ek oer Kendra, dy’t ek gek is fan fuotbaljen en graach op topnivo spylje wol. Slagget it har?
Sirkus PeM en de ûlewapper
Pier en Marieke binne beide acht jier en dikke maatsjes. Op in dei sette se in sirkusfoarstelling op tou …
Jorrit & Philo begjinne in klup
Jorrit en Philo binne freonen. Al hiel lang. Sy sitte byelkoar op skoalle en se boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk en sa begjinne se allerhanne klups. Bisto ek in ûndernimmer yn de dop?
Wenje yn in skilderij
Laurence is de dochter fan de skilder Lawrence Alma-Tadema (1836-1912). Se wennet mei har âlden, suske Anna, juf, it personiel en de hûn Brio yn in grut en bysûnder hûs yn Londen en fertelt yn dit boek hoe’t it is om de dochter fan in ferneamde keunstner te wezen.
Hoe is it yn ‘e romte
Dreamsto der fan om astronaut te wurden? Dan is dit boek wat foar dy.
It mûzehûs – Sam & Julia yn it teater
Sam en Julia, de twa mûzebern dy’t wy al kenne út it earste, suksesfolle boek fan Karina Schaapman en oersetter Mindert Wijnstra, belibje nije aventoeren yn Sam & Julia yn it teater.
Sipke sil sile
Lytse pipermûs Sipke belânet yn it skûtsjesilen. Miskien dreamsto der wol fan om skipper (op in skûtsje) te wurden?
Lindbergh – It grutte aventoer fan in fleanende mûs
Bysûndere printeboek mei prachtige yllustraasjes dêr’t de skriuwer en yllustrator syn fassinaasje foar fleantugen en bysûndere masines yn ferwurke hat. Bassearre op it ferhaal fan de Amerikaanske piloat Charles Lindbergh dy’t yn 1927 as earste non-stop oer de Atlantyske oseaan van New York nei Parys fleach.
In nuvere nacht
Oer de 10-jierrige Lyske dy’t model stiet foar in foto fan it ferneamde skilderij de Nachtwacht fan skilder Rembrant van Rijn. As se nachts nei de fotoshoot yn in Amsterdamsk hotel sliepen bliuwt, makket geblaf har wekker yn it jier 1641 …
De tún fan Trip
‘Trip hat gjin nut,’ seit soldaat Fop. ‘Hy kin gjin blêd knippe. Hy fynt dat de tún stjonkt. Foar soldaat is er te bang.’ Trip sjocht nei de grûn. Soe soldaat Fop gelyk ha? Kin er echt neat?
Speurnoazen yn park Fiversburch
Kick en Saar geane as echte speurnoazen op ûndersyk út yn Filla Fiversburch.
Boppebou
De deikoersen fan Remco
Remco Heeringa (14) wol profesjoneel hurdfytser wurde.
Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Lilan har heit bringt har oant in pear kilometer fan de grins mei Turkije. Dêr set er har ôf. Har reis as flechtling is net sûnder gefaar. Wat soesto betsjutte kinne/wolle foar flechtlingen?
42 fûgels oan ús kusten
Sjochsto se ek wolris fleanen? Fûgels dan hé 🙂 Yn dizze natoergids foar bern falt hiel wat te ûntdekken en te learen oer de (geheimsinnige) libbens fan mar leafst 42 kustfûgels.
De huodsjes fan Mata Hari
Huoddemakker, búkdûnseres, spion … wat foar dy? Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, mear as 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?
De lytse prins
Wrâldklassiker foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn ‘e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy’t him wûnderlike en wize (filosoafyske) ferhalen fertelt …
In wrâldreis yn 80 dagen
As der avonturiere-bloed troch dyn ieren streamt, dan moatst absolút dit (strip)boek lêze.
It spûkskip en 24 oare ferhalen
“In boek mei ferskate ferhalen, geskikt foar bern út de heechste groepen fan de basisskoalle. Foar elk is der wol in ferhaal dat oansprekt”
It leafst bin ik in fûgel
Poëzy foar bern fan 9-99 jier. Faaks krigesto ek ynspiraasje nei it lêzen fan dizze bondel!
Radio Afke
Op har alfde jierdei kriget Afke in MP3-spiler. Dat komt goed út, want no kin se radio meitsje foar har heit. DJ wurde, is dat net wat?
Silke & Miss Dee
Dreamsto der fan om sjoernalist te wurden? Dan is dit faaks in moai boek foar dy!
“… in hiel moai boek. It sjocht de moai út en it giet oer ûnderwerpen dêr’t oer praten wurde kin. Silke en miss Dee binne hiel eigen en net oerdreaun as typkes delsetten. Wat sy meimeitsje is lyts en dat makket it hiel werkenber. Konklúzje: in oanrieder!”
Gek op skiednis
Mei in fasinaasje foar skiednis is dit dyn boek: geweldige, spannende en bysûndere ferhalen oer Fryslân.
Dingeman krijt wjukken
Dingeman wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen …
It Deiboek
“It ferhaal fan Niels is in ferhaal fan no. Niels siket in eigen plak tusken alle saken dy’t oandacht freegje yn it libben fan bern fan hjoed. Om dy hinne sjen nei wat oaren dogge en fine én kieze watsto echt belangryk fynst.”
Pippi Langkous
Ik ha it noch noait dien, dus ik tink dat ik it wol kin! Dingesiker, sirkusdirekteur, ûnderwizer, piraat, plysje, boef … Pippi sjocht oeral mooglikheden.
Heech Tymo, sjoch omheech
In boek foar lyts en grut, jong en âld, oer leafde en lije, it trochbrekken fan grinzen en ûntdekke wa’t je binne, skreaun mei humor en oant de ein ta spannend.