Besjoch de BoekeTIP10 fan novimber én doch mei oan de LêzersTIP10
Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar novimber 2025
1) Oan’e ein fan de oere (Afûk)
2) In hjerstdei foar Bear (van Hoogland en Klaveren)
3) Fries geluk – Frysk gelok (Wijdemeer)
4) Hjerstkeal – gedichten (Hispel)
5) Fuort mei de brot (Elikser)
6) Historische atlas van Zuidoost-Friesland – Het andere Friesland (Thoth)
7) Pykje Fjouwer (Afûk)
8) De geheime doar (Afûk)
9) Hylper jûnges twiske Skier en Fet (eigen beheer)
10) Frysk Bakboek (Bornmeer)
Dizze titels en mear, binne fansels te keap yn ús boek- en kadowinkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert of te besetten fia ús websjop. Enne, yn de Fryske Boekewike fan 8 oant en mei 16 novimber krigest by oankeap fan op syn minst € 15,00 oan boeken it Kadoboek der fergees op ta!
De LêzersTIP10: de boekenTIP10 foar en troch de lêzer
Alle moannen sa’n BoekeTIP10 fan ús is fansels hiel leuk, mar wat fynsto? De lêzer? Tip ús dyn favorite, moaiste, oandwaanlikste, ynkringendste, spannendste boek(en) en meitsje kâns op ien fan dy trije Afûk-kadobonnen t.w.f. € 25,00. Heal desimber meitsje we de LêzersTIP10 desimber-edysje bekend.
Sjoch foar mear ynformaasje en meidwaan op afûk.frl/lezerstip10/. Wy binne benijd!