Foto: Istock

Bisto ek ta oan in praatsje of in moai ferhaal?

Frije tiid
9 april 2020
We komme der allegear minder út, minder ûnder de minsken. Allerhanne inisjativen binne der om dochs yn kontakt mei elkoar te kommen en ferdivedaasje te bringen. Dat bart op in hiel soad ferskillende wizen online mar kin ek 'gewoan' mei de telefoan. En yn it Frysk. By UP! kinne âlderen elkoar bygelyks no moetsje yn in telefoansyk groepspetear en by Tryater fertelle se dy ferhalen fia de telefoan.

UP! wol minsken op in persoanlike, realistyske wize mei elkoar yn petear bringe oer wichtige en sinjouwende ûnderwerpen en tema’s dy’t der ta dogge asto âlder wurdst. By UP! kinst leeftydsgenoaten moetsje by ‘In je Uppie’, in telefoanysk groepspetear. Petearen binne der op ferskillende mominten yn de wike en meidwaan is fergees (betellest allinnich de gebrûklike telefoankosten). Sjoch hjir foar alle ynformaasje: https://upinnederland.nl/agenda/in-je-uppie-oan-de-line-yn-it-frysk/.

Geane ûnder normale omstannichheden minsken nei in foarstelling fan Tryater, no komt Tryater mei ferhalen by de minsken de húskeamer yn: ferhalen oan ‘e telefoan. Sjoch foar alle ynformaasje op de webside fan Tryater: .