Blije bijen yn Blije!
Bioferskaat en taalferskaat
De Afûk sluet ein 2019 in saneamd ‘bijepact’ mei Silence of the Bees. Dat hâldt yn dat der in krúsbestowing fêstlein is tusken bioferskaat en de Fryske taal. Mei noch 16 oare organisaasjes freget de Afûk omtinken om oplossingen te betinken foar de grutte stjerte ûnder bijen. De Afûk hat al yn ferskillende projekten en op ferskate wizen de ferbining socht en sjen litten tusken bioferskaat en taalferskaat. Dizze aksje fan Praat mar Frysk past der ek perfekt by.
Mear ynformaasje op www.silenceofthebees.eu.