Boeken fan Fryslân organisearret Boeksimmerboekfeest

Boeken fan Fryslan Frije tiid
17 maaie 2019
Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) organisearret op freed 21 juny om 20.00 oere in feest foar skriuwers, útjouwers en lêzers yn kafee Marktzicht yn Drachten. It tema fan it feest is “Sinnekear” (Zonnewende).

Ferdinand de Jong, Elske Schotanus, Anita Terpstra, Nyk de Vries en Geert Nauta binne frege om spesjaal foar dit feest in ferhaal te skriuwen by it tema “Sinnekear” en sille dy jûns harren ferhaal hearre litte. De winner fan de ferhalewedstriid wurdt ek op it feest bekendmakke en sil dy jûns syn of har ferhaal foardrage. Muzyk wurdt fersoarge troch Gjalt de Jong en Paul Siemensma.

Elkenien is fan herte wolkom. De tagong is fergees.