Aginda oersjoch

2 Maart 31 Maart

Moanne fan it Fryske boek

Maart is Moanne fan it Fryske boek! Dat begjint op sneon 2 maart mei it Frysk Boekebal yn Neushoorn, Ljouwert. Fansels is der ek it net te missen kadoboek. Fan ‘t jier hat Willem Schoorstra spesjaal foar dizze gelegenheid it boek Rosmos skreaun: in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Krigest it fergees by oankeap fan € 12,50 oan boeken! Fierder toert Schoorstra de hiele moanne mei Jack Botteleneck troch de provinsje mei smoute ferhalen, brike ynfallen en fansels te gekke muzyk en op 30 maart is de ôfsluting mei in literêre jûn m.m.f. Jan Siebelink, Tsead Bruinja en Eeltsje Hettinga. Sjoch ek boekenfanfryslan.frl.

23 Maart 31 Maart

Boekewike

It is wer Nasjonale Boekewike! Dus tiid foar it Boekenweekgeschenk. Fan ‘t jier krigest by besteging fan € 12,50 it boekje Jas van belofte skreaun troch Jan Siebelink kado. Fanwegen it sukses fan ferline jier hat it CPNB yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Fryske oersetting meitsje litten troch Jetske Bilker: Jas fan belofte. Yn de boekewike kinne klanten dêrom kieze tusken de Frysktalige of de Nederlânsktalige edysje as geskink. Op 30 maart treedt Jan Siebelink op mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja en Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga yn de eardere synagoge fan Ljouwert.

26 Maart

Rosmos & the blues yn bibleteek Dokkum

Boeken fan Fryslân presintearret: Rosmos & the blues! Skriuwer Willem Schoorstra – kadoboek Rosmos – en muzikant Jack Bottleneck binne tegearre op toernee troch Fryslân. Se bringe in programma oer de ‘blues’ yn de meast brede betsjutting mei smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk! Fannejûn binne de mannen noch te sjen en te hearren yn de bibleteek fan Dokkum. Tiid: 20.00-22.00 oere. Tagong fergees.

30 Maart

Literêre jûn mei Jan Siebelink, Jetske Bilker,Tsead Bruinja en Eeltsje Hettinga

Literêre jûn mei Jan Siebelink (auteur Boekewikegeskink ‘Jas van belofte’), Jetske Bilker (oersetter Boekewikegeskink), Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands) en Eeltsje Hettinga (Dichter fan Fryslân). Oanfang: 20.00 oere. Lokaasje: Dansschool Saco Velt, Ljouwert. Dizze jûn ek de bekendmakking fan de oersetwedstriid fan Dichter fan Fryslân: wa hat de bêste Nederlânsktalige oersetting makke fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’? Tagongskaarten à € 7,50 binne te keap by Boekhandel Van der Velde Ljouwert, de Afûkwinkel en fia de Afûkwebsjop. Dizze literêre jûn is ûnderdiel fan de Moanne fan it Fryske boek, organisearre troch Boeken fan Fryslân.

11 April 11 April

Earste sutelaksje fan 2019

17:00 - 20:00

De sutelaksjes begjinne wer. Op 11 april yn Easterein, fan 17.00 oere ôf. De feriening dy’t hopet in soad jild yn te sammeljen mei de ferkeap fan Fryske boeken is Fanfare Wilhelmina Easterein. wilhelminaeasterein.nl

 

20 April

Groei en Bloei Dekemastate

Fan 10.00 oant 17.00 oere: de 10de kear ‘voorjaarsfair’ op Dekema State yn Jelsum. Fansels mei Groei en Bloei, in soad kwekers en fan alles foar dyn tún, rûnliedings en lêzings mar ek mei in hiel soad oare standhâlders. Ek Boeken fan Fryslân is fertsjinwurdige mei in karút oan moaie Fryske boeken foar lyts en grut en fansels allerhanne orizjinele Fryske kadootsjes. De tagong is fergees. Foar alle ynfo sjochst op leeuwarden.groei.nl.

13 september

Akademydei

26 september

Jouster Merke