Wolkom op it Frysk Boekebal

Yn ‘e styl fan it kadoboek Rosmos, set de Moanne fan it Fryske Boek fan ’t jier útein mei in spetterjend boekebal mei spikerhurde rock-’n-roll! Sneon 2 maart fan 20.00 oere ôf yn Neushoorn yn Ljouwert. Allegear wolkom, tagong fergees!

Frysk Boekebal

Kadoboek Willem Schoorstra

Hedzer, telch út it romrofte Mebiuslaach, ûntflechtet it miljeu dêr’t er yn grut wurden is. Gjin wiithannel, kontrabande of yllegale saakjes mear foar him.

Moanne fan it Fryske boek

Boekewikegeskink mei CPNB 23 o/m 31 maart

Yn it kader fan de Nationale Boekenweek is yn 2018 it boekewikegeskink fan Jan Siebelink oerset nei it Frysk troch Jetske Bilker. Yn de boekewike kinne klanten kieze tusken de Frysktalige of de Nederlânsktalige edysje as geskink, by oankeap fan boeken foar minimaal € 12,50.

Boekenweek.nl

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal. Eeltsje Hettinga is de Dichter van Fryslân in 2018 en 2019.

Dichterfanfryslan.nl

Sutelaksje

De sutelaksje, in moaie finansjele ynstruier. Mear as 50 doarpen yn Fryslân dogge al mei! Nije shirts foar it jeugdteam, dat moaie ynstrumint foar it korps, dat moaiere dekôr foar de toanielútfiering? De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning (2, 3 oerkes sutelje) de klupkas te spekken.

Sutelaksje

Ferkeap oan skoallen

De siswize ‘keapje troch te sjen’ giet ek op foar skoallen. Der wurde rûnom yn Fryslân boekekisten nei de skoallen brocht. Dy krije fjirtjin dagen de gelegenheid om in kar út it oanbod te meitsjen. De boeken dy’t oerbliuwe, wurde wer ophelle.

Skoalkisten

Alternative ferkeappunten

Alle jierren wurde der alternative ferkeappunten fan Fryske boeken organisearre. De diskes wurde bemanne troch frijwilligers dy’t in profyzje fan 25% fan de omset krije.

Diskes