De Boekewike is ít lêsfeest fan ús allegearre.
De jierlikse kampanje bringt lêzers yn beweging nei de boekhannel. Wa’t yn ’e Boekewike fan 2026 foar € 15 oan boeken keapet, krijt it Boekewikegeskink kado.
Krekt as de ôfrûne jierren ferskynt it geskinkboek ek yn it Frysk. Dy Fryske geskinkboeken binne foar boekhannels fia de Afûk te bestellen.
Bestellingen kinne dien wurde oant 21 novimber 2025.