Bysûndere Aldfryske fragminten opdûkt yn Eastenryk
De hânskriftfragminten makken lange tiid diel út fan de priveekolleksje fan Josef Bick (1880 -1952), earder direkteur fan de Österreichischen Nationalbibliothek, dy’t de stikken by syn stúdzje yn Praag krige. Pas yn 2022 waard de kolleksje ferwurven troch de nasjonale biblioteek yn Wenen en beskikber steld foar ûndersyk. Wêr’t de Aldfryske teksten oarspronklik skreaun binne, is (noch) net bekend, mar se binne yn alle gefallen ôfkomstich út de provinsje Fryslân.
Ynhâld
De hânskrift dy’t fûn is, befetsje neist Latynske teksten twa Aldfryske tekstfragminten. It earste fragmint befettet teksten dy’t besibbe binne oan de fyftjinde-iuwske Jurisprudentia Frisica-tradysje, dy’t op it stuit ûndersocht wurdt troch in team fan wittenskippers by de Fryske Akademy (prof. mr. Jan Hallebeek, prof. mr. dr. Hylkje de Jong, dr. Han Nijdam, dr. Oebele Vries en dr. Marvin Wiegand).
It twadde fragmint is in part fan de Aldfryske Wilkarren fan de Fiif Dielen. De taal fan dy tekst heart ta de âldere taallagen fan it Westerlauwerske Aldfrysk dy’t wy ta ús foldwaan hawwe, nammentlik út de iere 14e iuw.
“We wisten net fan it bestean hjirfan”, seit Rolf Bremmer, emearitus-heechlearaar Frysk. “Je hert slacht derfan oer, sa bysûnder is dit.”
Bysûnder
“It is hiel bysûnder,” seit dr. Han Nijdam, projektlieder fan de ûndersyksgroep Aldfrysk fan de Fryske Akademy. “Der is net folle Aldfrysk oerlevere, dus sa’n substansjeel fragmint fan de Wilkarren fan de Fiif Dielen is in serieuze útwreiding fan ús kennis. It is argaysk Westerlauwersk Aldfrysk, en boppedat fine wy hjir leard rjocht en klassyk ynhiemsk rjocht yn ien hânskrift.”
Oer de ûndersyksgroep Aldfrysk
It ûndersyk nei it Aldfrysk (sa. 1050 o/m sa. 1550) is ien fan de flagships fan de Fryske Akademy. Der wurdt al jierrenlang ûndersyk dien nei de Aldfryske taal en it Aldfryske rjocht. Dat hat laat ta gâns publikaasjes en databanken, wêrfan de meast resinte in edysje en oersetting is fan it âldste boek yn it Frysk: Freeska Landriucht. Yn 2024 is it projekt ‘De Wortels van het Westerlauwerse Oudfries’ útein set yn gearwurking mei de universiteit fan Amsterdam (prof. dr. Arjen Versloot). It behelst in ynterdissiplinêr ûndersyk nei de âldste talige en tekstuele lagen fan dit korpus en sil ta talrike (digitale) publikaasjes liede.