CBS: Leeftiid hat gjin ynfloed op it gebrûk fan de Fryske taal
By de kar foar it Frysk liket njonken leeftiid ek opliedingsnivo net sa’n grutte rol te spyljen as by oare regionale talen of dialekten. Dat seit neffens it CBS dat Frysk sterker woartele is yn alle opliedingslagen as bygelyks Grinslânsk of Drintsk.
As minsken thús in oare taal prate as Nederlânsk, is harren ek frege hokfoar taal oft sy bûten de doar it meast prate. De antwurden dêrop litte sjen dat as minsken thús Frysk prate, dat se dat dan ek hast altyd mei buorlju, yn ‘e winkel en yn ‘e hoareka dogge. Itselde jildt ek foar Limboarchsk yn Limboarch.
Yn ferliking mei it Limboarchsk falt op dat Frysk ûnder de Fryskpraters ek yn formele situaasjes troch de mearderheid brûkt wurdt, wêr’t dat foar it Limboarchsk minder is. It giet dan om plakken lykas op it wurk of op skoalle, mar ek by ynstânsjes as gemeentehuzen.
Frysk is dêrmei de iennige taal njonken it Nederlânsk dy’t yn alle situaasjes troch de mearderheid fan de praters brûkt wurdt.
De lêste fraach dy’t minsken steld waard, wie: “Welke talen gebruikt u in berichten op sociale media?”
Dêrút docht bliken dat de measte Fryskpraters it Frysk ek brûkt op sosjale media. Hast 54 persint fan de minsken dy’t thús Frysk praat, brûkt de taal ek op ynternet. Dat is dúdlik heger as alle oare dialekten en regionale talen yn Nederlân, it Limboarchsk komt op twadde plak mei 37 persint.
Thús wurdt yn de measte húshâldens yn ús provinsje gjin Frysk praat: 40 persint fan de minsken jout oan dat thús Frysk de fiertaal is. Mei 48 persint is Limboarchsk yn de provinsje Limboarch de iennige taal dy’t thús faker brûkt wurdt.
“Dy 40 persint is foar in minderheidstaal net beroerd, ik fyn dat in heech sifer”, seit Jensma, heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy relativearret it persintaazje, om’t by de berekkening ek gebieten meinommen binne dy’t fan âlds net Frysk prate. “Ast de Stellingwerven, It Bilt en de stêden derôf hellest, dan sitst miskien wol boppe de 50 persint.”
[Boarne: Omrop Fryslân en CBS]