Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie
In sjuery besteande út Alex Riemersma (adviseur taalbelied by de Provinsje Fryslân en lektor oan NHL Stenden), Janneke Spoelstra (Fryske Akademy) en Ammerins Moss-de Boer (It Skriuwersboun) hawwe út seis opjeften de dichter Cornelis van der Wal keazen mei syn gedicht ‘Snie is in died fan ferset’. Syn ynstjoering waard troch de sjuery typearre as in melodieus gedicht dat it tema op aktuele wize byldzjend ta utering bringt troch it iensume, kâlde mar ek needsaaklike fan ferset en protest mei wurden te beskriuwen dy’t alle sintugen op skerp sette, en dat by elke lêzing wer wat nijs jout om oer nei te tinken.
Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter. Hy wenne 18 jier yn Grins. Fan 2009 oant 2013 hat hy yn Snits wenne, mar no wennet er wer yn Ljouwert. Hy publisearre sân dichtbondels. Mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal hat fierders webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh west. Ek wie Van der Wal oant juny 2011 poëzijbesprekker foar it Friesch Dagblad. Yn 2019 waarden oersettingen fan seis fan syn gedichten yn it renommearre Deenske tydskrift Hvedekorn publisearre.