De Afûkside fan sneon 1 novimber hielendal yn it teken fan de Fryske Boekewike
Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy oan in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk, dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy nammentlik ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks aktyf op it mêd fan taalpromoasje (ek op de wurkflier) en meitsje wy metoaden foar it (fak) Frysk yn it ûnderwiis. Ek de projekten heit&mem, Tomke, Praat mar Frysk én Boeken fan Fryslân binne ûnderdiel fan en/of wurde koördinearre troch de Afûk.
Hasto gjin Ljouwerter Krante of Frysk Deiblêd of hast de krante mist? Download hjir de side fan sneon 1 novimber 2025.
Mear ynformaasje oer de Fryske Boekewike fynst op fryskeboekewike.nl.