De Afûkside fan sneon 3 augustus 2024
Mei de Afûk-side yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk, dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy nammentlik ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks aktyf op it mêd fan taalpromoasje (ek op de wurkflier) en meitsje wy metoaden foar it (fak) Frysk yn it ûnderwiis. Ek de projekten heit&mem, Tomke, en Praat mar Frysk binne ûnderdiel fan de Afûk. Mar, wy dogge noch folle mear!
Hasto gjin Ljouwerter Krante of Frysk Deiblêd of hast de krante mist? Download dan hjir de side fan 3 augustus 2024.
Mear witte oer it wurk fan de Afûk? Sjoch dan ek ris op dizze website by Oer de Afûk, abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief, en/of folgje de Afûk op Facebook of Instagram om op ‘e hichte te bliuwen!