De Afûkside fan sneon 3 juny 2023

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
3 juny 2023
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe.

Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk, dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy nammentlik ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it (fak) Frysk yn it ûnderwiis. Ek de projekten heit&mem, Tomke, en Praat mar Frysk binne ûnderdiel fan de Afûk.
Hasto gjin Ljouwerter Krante of Frysk Deiblêd of hast de krante mist? Download dan hjir de side fan 3 juny 2023.

Mear witte oer it wurk fan de Afûk? Sjoch dan ek ris op dizze website by Oer de Afûk abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief, en/of folgje de Afûk op Facebook of Instagram om op ‘e hichte te bliuwen!