De Bonsterkes op ‘e Terp is it berne-aksjeboek 2018

Frije tiid Leare & ûnderwiis
27 septimber 2018
Yn it ramt fan de Berneboekewike (3 o/m 14 oktober) ferskynt op sneon 29 septimber it Aksjeboek foar bern 2018: De Bonsterkes op ̓e terp 

Skreaun troch Hanneke de Jong en prachtich yllustrearre troch Linda de Haan.

Joery en Nine Bonsma binne krekt ferhuze. Fan de stêd nei in doarp. No wenje se mei heit en mem nêst pake en beppe. Allegearre Bonsterkes op ’e terp! Foar de bern is it earst wol wennen. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery wol ek sa graach in boartersmaat ha. Soe dat slagje mei syn nije avensearskuon?

De ferhalen yn “De Bonsterkes op ̔e terp, binne tige gaadlik om foar te lêzen oan jonge bern, of foar âldere bern om sels te lêzen!

Boekpresintaasje
De boekpresintaasje fynt plak op sneon 29 septimber fan 15.00 – 16.00 oere yn paviljoen MeM yn de Prinsetún yn Ljouwert. Hanneke de Jong en Linda de Haan spylje dan de foarstelling
“De Bonsterkes op ̓e terp”. De earste eksimplaren wurde útrikt oan sân “lytse Bonsterkes”.
By de presintaasje wurdt ek de winner bekendmakke fan de Heit & Mem vlogwedstriid : “Wa is dyn bêst e freon en wêrom?”. Elkenien is fan herte wolkom. De tagong is fergees.

Oer de skriuwster
Hanneke de Jong is in suksesfol skriuwster fan jeugdboeken. Yn 2010 en 2016 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke en Trjettjin dagen om in spetterjend feest te jaan.

Oer de yllustratrise
Linda de Haan is full time yllustrator en bekend fan û.o. har debút; it suksesfolle printeboek Kening en kening. Dit moderne mearke is ferskynd yn 10 talen en bewurke foar teater yn û.o. Mexico en Ingelân.

Boekgegevens
De Bonsterkes op ̓e terp
Auteur: Hanneke de Jong
Yllustrator: Linda de Haan
Pagina’s: 64
Utfiering: ynbûn, full colour
Leeftyd: 4 – 9 jier
ISBN: 9789056154745
Aksjepriis: € 4,95 (29 septimber o/m 31 oktober). Dêrnei € 9,90.
Utjouwer: Bornmeer yn opdracht fan Boeken fan Fryslân