De Faeröer Eilannen en Fryslân
Fanút it NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity), wêrfan’t deputearre Sietske Poepjes foarsitter is, hat Fryslân bannen mei ferskate regio’s op it mêd fan taal. Sa kaam it dat de earste bûtenlânske wurkbesite fan Arno Brok as Kommissaris fan de Kening him yn maart 2019 nei de Faeröer eilannen brocht om dêr de kulturele en ekonomyske bannen mei Fryslân oan te heljen. By in gearkomste mei Hanna Jensen, de Faeröerske minister fan kultuer en edukaasje dêr’t ek Niels Jákup Thomsen fan Bókadeild Føroya Lærarafelags útnûge wie, ûntstie it idee fan in ‘book-swap’. Kommissaris Brok seach fuortendaliks de mooglikheden.
In moanne letter, op de berneboekebeurs yn Bologna, socht útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk foar it earst kontakt mei útjouwer Niels Jákup Thomsen. Dêr moete hy ek de skriuwer Bárður Oskarsson. It gesprek krige in ferfolch op de Buchmesse yn Frankfurt en dêr waard definityf de ôfspraak makke om in boek fan elkoar út te jaan. De Afûk keas foar it priiswinnende boek ‘De beam’ en Thomsen keas mei syn team ‘Tije’ út in rige berneboeken dy’t him oanbean waard. Bysûnder oan beide titels is (ek) dat de skriuwers multytalinten binne en sels de yllustraasjes foar harren boek makke hawwe.
Ernst Bruinsma: ‘Ik fielde fuortendaalk in klik mei dy útjouwerij en de kollega’s dêr. It bedriuw hat in soad oerienkomsten mei de Afûk en rjochtet him folslein op berneboeken. Sa’n goed kontakt is ûnmisber om yn de ynternasjonale boekewrâld ôfspraken meitsje te kinnen. En it lit sjen dat wy fanút Fryslân trochgean moatte op dizze wei om de Fryske literatuer ek bûten ús grinzen bekend te krijen.’
It printeboekje ‘De Beam’ fan skriuwer en yllustrator Bárður Oskarsson (Tórshavn, 1972) giet oer de twa freontsjes Bob en Hilbert. Bob, de knyn, wol graach witte wat der oan de oare kant fan de beam is. Syn freontsje Hilbert wit dat wol, dy hat de hiele wrâld al oer west seit er, mar oft Bob dat allegear leauwe moat? Oskarsson wie de winner fan de Nordic Council Children and Young People’s Literature Prize 2018 en syn boeken binne oersetten yn ûnder oaren it Deensk, Noarsk, Sweedsk, Ingelsk en Dútsk.
‘Tije’ fan skriuwer en yllustrator Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977) is in (foar)lêsboek foar bern fan de middenbou, oer it jonkje Tije dat ferhúzje moat fan it plattelân nei de stêd. Hy sit deroer yn oft er dêr wol freonen krije sil. Yn de stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat allegear goed giet? ‘Tije’ ferskynde yn 2016 en wie it debút fan Mirjam van Houten. It boek waard nominearre foar de Simke Kloostermanpriis foar Fryske berne- en jeugdliteratuer en krige in plak op de earelist fan de IBBY (International Board on Books for Young people) fan 2018.