Foto: Istock

Fûgels fan Fryslân yn Vroege Vogels

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
6 april 2020
Eltse streek yn Nederlân hat syn eigen fûgelnammen. Sa hjit bygelyks in 'winterkoninkje' yn Noard-Hollân in 'klein jantje' en neame se de 'fuut' yn Grinslân in 'doeker'. Yn it programma 'Vroege Vogels' op NPO radio 1 gie it snein 3 april 2020 oer Fryske fûgelnammen. De ljip en de skries kenne we allegear wol dochs? Mar witsto wat in ielgoes is? Of in feale miggesnapper?

Harkje hjir it radiofragmint en doch de kwis! Yn de útstjoering fertelt Sake P. Roodbergen oer de Fryske fûgelnammen en wêr’t se weikomme. Ast mear witte wolst oer fûgels yn Fryslân is it boekje Fûgels hiel geskikt en ek it boekje ‘De Ljip‘ of yn it Nederlânsk ‘De Kievit‘ keapest fansels yn ús websjop.

Ek nijsgjirrich
Sipke fynt in ljipaai – Sipke vindt een kievitsei, in nij twatalich Gouden Boekje oer – hoe kin’t ek oars – lytse pipermûs Sipke dy’t te aaisykjen giet of Pykje fjouwer, in moai printeboek oer in lyts skriezepykje dat opgroeit op in pleats. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek noch nijsgjirrige feiten oer de skries, de Kening fan ‘e Greide.