‘de Moanne’ siket in nije haadredakteur m/f

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
20 febrewaris 2020
Mei’t haadredakteur Ernst Bruinsma per 1 jannewaris 2020 saaklik lieder fan City of Literature Ljouwert wurden is, is er per dy datum stoppe mei syn wurk foar ‘de Moanne’. Dêrom siket 'de Moanne' op koarte termyn in nije haadredakteur (m/f) foar 8 oeren wyks.

‘de Moanne’ wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten en lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. ‘de Moanne’ ferskynt op papier, online en organisearret ‘live’-moetingen. ‘de Moanne’ wurdt útjûn troch de Afûk yn Ljouwert. Op de website kinst dêr yn byld fan krije: www.demoanne.nl. ‘de Moanne’ ferskynt 5 kear yn it jier.

De nije haadredakteur hat in sterke affiniteit mei kultuer yn Fryslân en wit dy te fertalen nei in eigentiidske en brede fyzje op de rol dy ’t ‘de Moanne’ spylje kin yn it kulturele fjild. Hy of sy hat ûnderfining yn it liedingjaan oan in redaksje en kennis fan organisatoryske en finansjele prosessen dy’t hearre by it meitsjen fan it blêd, de website en (dêr)bykommende aktiviteiten. Fierder moat de nije haadredakteur ynhâldlik stal jaan oan de missy fan ‘de Moanne’ en dat fertale nei bydragen op ferskate mediakanalen. Hy/sy hat gefoel foar sawol de bestjoerlike kant fan saken en it kulturele netwurk as it lêzersfjild en wit dy op in kreative manier mei ‘de Moanne’ te ferbinen.

Mear witte oer dizze nijsgjirrige funksje en de sollisitaasjeproseduere? Sjoch dan op hjir.