De Simke Kloostermanpriis 2025 giet nei Jelle en Juf
Jelle en juf is it tredde berneboek fan Mirjam van Houten, in relatyf nije stjer oan it Fryske firmamint, dy’t yn 2022 de Diet Huberpriis wûn foar By beppe útfanhûs. Yn 2016 ferskynde har boekdebút Tije.
De sjuery: “Yn Jelle en juf is neat te mâl. De fiifentweintich ferhalen binne in feest foar sawol bern as de foarlêzers. Wat opfalt is har unike gefoel foar humor, en de sprankeljende fantasij dy’t sawol bern oansprekt, mar ek folwoeksenen laitsje lit. In oanwinst foar de berneliteratuer!”.
Priisútrikking
De priis wurdt beskikber steld troch it Simke Kloostermanlien. Op freed 23 maaie om 15:00 oere sil de priisútrikking plakfine yn de Petrustsjerke yn Twizel. De sjueryfoarsitter fiert dan it wurd oer it winnende boek en de twa nominearre boeken. By dizze fyftjinde edysje fan de útrikking krije de nominearren foar it earst elk in bedrach fan €250,-. Yinthe de Hoop, de winner fan de foarlêswedstryd yn gemeente Achtkarspelen, lêst foar út Jelle en Juf. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil de priis fan €5000,- en de hânmakke oarkonde útrikke oan de winner.