Foto: www.ensafh.nl

Deadline foar ynstjoerings lange koartproazajûn mei moanne ferlinge

Boeken fan Fryslan Frije tiid
28 maaie 2020
Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july 2020. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten net alles, dat thús sitte en skriuwe is de bêste wize om de tiid om te krijen.

De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren. De sjuery bestiet út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân).

It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 july 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer.

De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. Jo krije útslach nei 1 augustus 2020, oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Sjoch ek www.ensafh.nlwww.dichterfanfryslan.nl en www.tresoar.nl.