Dêr is er dan! De LêzersTIP10 desimber-edysje 2025
Alle moannen meitsje wy by de Afûk in BoekeTIP10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op dy list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10.
Mar alles leuk en aardich, wy wienen ek wolris benijd nei watsto, de lêzer, der eins fan fynst. Omdat de ein fan it jier útnûget ta werom sjen en it meitsjen fan oersjoggen en listjes, like dizze tiid ús by útstek geskikt foar in oprop foar in LêzersTIP10 desimber-edysje. En hjir is er! Mei tank oan alle ynstjoerders! De winners fan de Afûk kadobonnen hawwe ûnderwilens persoanlik berjocht fan ús hân.
Untbrekt der no neffens dy in titel? Hokker boek soesto folle leaver yn in TIP10 werom sjen? Takom jier: nieuwe ronde, nieuwe kansen. Foar no winskje wy elkenien noflike lêsdagen!
Petra oer ‘Oan de ein fan De Oere’
Prachtich famyljeferhaal. Nostalgysk mar ek pynlik yllustrearjend dat minsken en foaral froulju, tige beheind waarden yn harren karren.
Elisabeth oer ‘Spegel en sonde’
Om’t it yn de ik-foarm skreaun is, kinst hiel goed yn ‘e hûd fan de haadpersoan krûpe. Sa nimt se dy hielendal mei yn har wrâld. Undanks it swiere tema is it ek in boek mei in soad humor!
Ieda oer ‘Wêr is myn skaad’
Moaie yllustraasjes, leuk ferhaal en ek learsum. Us dochter fan 2,5 jier wol nei it lêzen fan it boek altyde skaadspultsjes dwaan. In echte oanrieder!
Rieke oer ‘Hertsear’
In prachtich boek mei in soad emoasje!
Tamara oer ‘Geller’
It boek is skreaun fanút in needsaak dat it ferhaal lêzen wurde moat. It is foar it grutste part autobiografysk en it wikselet deiboekfragminten ôf mei brieven, dêrtroch lêst it as in trein. De toan is rjocht troch see wat hjir en dêr taktleas en suver smoarch oerkomme kin mar ik mei dêr graach oer. It is earlik en wier. Ik hearde gelûden as ‘Fryske Christiane F’, mar it skaait neffens my mear út nei ‘Het verrotte leven van Floortje Bloem’. Lêze!
Hermien oer ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’
In filosofysk ferhaal foar bern, mar foar folwoeksenen ek prachtich om te lêzen.
Sjoukje oer ‘Testamint fan de siel’
Geweldich boek!
Inuzz oer ‘Hero’
In boek oer in jonkje dy’t, troch de oarloch, út syn fertroude omjouwing helle wurd en nei Fryslân ta moat. Hy slút freonskip mei in Frysk hynder. As je dit boek lêze, dan sjogge je it foar je… sa moai!
Dieuwke oer ‘Anton yn it museum’
It ferhaal is unyk en de yllustraasjes binne keunstwurkjes op sich.
Gea oer ‘Koartsluting op it Swynserhûs’
Nimst ús mei yn de earme, kâlde en hurde wrâld; in iepenbiering.
Mear Boeketips? Besjoch hjir dan ek noch de BoekeTIP10 fan desimber.