Der is wer in nije heit&mem!
Op de cover stiet Bo Kamsma (7 jaar) en har heit Jelmer Kamsma (39 jaar), se wenje op De Jouwer. Tegearre fine sy it hiel leuk om te itensieden, Bo siket de resepten út en lêst dy dan foar. Ek geane sy faak tegearre op aventoer. Broerke Jack (3 jier) giet dan ek graach mei. Nei it strân dêr’t heit kitesurft, tegearre draakje fleane (vliegeren), nei de bosk of nei it strân.
It tydskrift heit&mem wurdt troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by û.o: biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir fergees online te bestellen, dan betellest allinne de fersjoerskosten. Wolst der mear as twa ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.
Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem!
In protte lêswille tawinske!
Sjoch ek ris op: heitenmem.frl