Der is wer in nije heit&mem!

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid
17 juny 2025
In moai nij simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Dit kear giet it, njonken de fêste rubriken sa as bernepraatsjes, yn de heit&mem oer ûnder oaren: traktearjen en kloklêzen, mar der is ek in bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje, in moai foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer en der binne ynterviews mei bern út Reahûs.

Op de cover stiet de trijejierrige Marije Koerts út Grou. Marije wennet dêr mei har heit, mem en lytse broerke Jorrit. Marije hat in Nederlânske papa en in Fryske mem en wurdt dêrom twatalich grutbrocht. Dat soarget foar de moaiste kombinearre útspraken. Marije sit op gymnastyk, is hiel kreatyf en muzikaal. Se sjongt de hiele dei troch ferskes. It leafst fan Frozen, want se is op dit stuit in grutte Elsa-fan. As der wat bart dêr’t gjin ferske oer bestiet, dan betinkt se sels wol ien. Ek fynt Marije it hiel leuk om yn de keuken te helpen mei itensieden of wat lekkers te bakken. At se letter grut is, wol se juf wurde op de pjutte-opfang.

It tydskrift heit&mem wurdt  troch hiel Fryslân rûnbrocht en is te krijen by û.o: biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir fergees online te bestellen, dan betellest allinne de fersjoerskosten. Wolst der mear as twa ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem!

In protte lêswille tawinske!

Sjoch ek ris op: heitenmem.frl