Der is wer in nije heit&mem

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid
17 novimber 2025
In moai, nij en ynspirearjend winternûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Dit kear giet it, njonken de fêste rubriken sa as bernepraatsjes, yn de heit&mem oer ûnder oaren: bonusâlders, Frysk yn ’e klasse en antykonsepsje, mar der is ek in moai ferhaal oer twa suskes dy't trije kear tagelyk yn ferwachting wiene, in kollum fan Sjoukje de Boer en der binne ynterviews mei bern út Gytsjerk. Op ’e cover fan dizze edysje pronket Ella Mare Reijenga (5) út Snits.

It tydskrift heit&mem is foar elkenien dy’t mei bern fan 0-12 jier omstapt, wurdt  troch hiel Fryslân rûnbrocht en is fergees te krijen by û.o: biblioteken, skoallen, sikehúzen en bernedeiferbliuwen. Mear ynformaasje fynst hjir. Kinst ek in eksimplaar thús besoargje litte. It blêd is hjir online te bestellen (betellest allinne de fersjoerskosten). Wolst der mear as twa ha? Dan kinst se it bêste efkes sels ophelje yn de Afûkwinkel yn Ljouwert.

Wolsto tenei ek graach de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of yn dyn organisaasje/bedriuw? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl, ek foar suggestjes en fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de heit&mem!

In protte lêswille tawinske!

Sjoch ek ris op: heitenmem.frl.