Learlingen yn it fuortset ûnderwiis entûsjast meitsje om foar Frysk as eksamenfak te kiezen. Dat is it útgongspunt fan #dêromfrysk. Mei help fan bekende Friezen en in ynnovative ynset fan digitale middels wurde de learlingen oansprutsen en útdage om nei te tinken oer de kar foar it Frysk yn de boppebou.

Wêrom Frysk?

Kieze foar Frysk kin mei ferskillende redenen. It kin de taal fan it hert wêze, wêrtroch in learling der graach mear mei kinne soe. In oare reden kin lizze yn it takomstich berop fan de learling. Benammen yn wurkfjilden as de soarch, kommunikaasje en alle beroppen dêr’t klantekontakt yn foarop stiet is it behearskjen fan mear talen in grut pluspunt. Wannear’t it takomstich berop in plak hat yn ús provinsje sil de learling te krijen hawwe mei Frysktalige klanten (mar ek kliïnten en pasjinten) en kollega’s.
It fak Frysk is mear as allinnich taal; it stiet ek foar kultuer. Muzyk, teäter, ferhalen, films en noch safolle mear falle dêr allegear ûnder.

Taalplan 2030

Provinsje Fryslân wurket op it stuit, mei tal fan gearwurkingspartners, oan har ambysje Taalplan 2030. Dêryn wurdt steld dat alle basisskoallen en skoallen fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân uterlik yn 2030 it Frysk op foldwaande nivo oanbiede. Dêr heart by dat it as eksamenfak keazen wurde kin. #dêromfrysk stipet dy ambysje. In sterkere ynset fan it fak op de basisskoalle betsjut in bettere hâlding tsjinoer en feardichheid yn it Frysk op de middelbere skoalle. Troch it kiezen foar Frysk as boppebou- en eksamenfak streame learlingen mei in heger nivo Frysk út nei it mbû, hbû en de universiteit ta. Dat smyt úteinlik jongelju op, dy’t goed ûnderlein en taret de arbeidsmerk yn Fryslân ynstappe kinne.

Bekende Friezen

#dêromfrysk wurket troch it brûken fan sosjale media en de funksjes fan Google Assistant. Yn it lêste gefal kin de learling de opdracht “Hey Google, praat met een bekende Fries” oan syn of har mobile telefoan jaan, om dêrnei it petear oan te gean mei ien fan de bekende Friezen dy’t meidogge oan de kampanje. Sa fertelt Jesse van Wieren bygelyks dat hy it Frysk as eksamenfak hie en dat echt as in kadootsje fielde. Elske DeWall jout oan dat sy de mearwearde fan it Frysk fielt en de leafde foar de taal dielt mei har bern. En sjonge yn it Frysk makket dat sy noch mear út har hert wei sjonge kin.
Oare bekende Friezen dy’t in bydrage levere hawwe binne Tim Douwsma, Habtamu de Hoop, Ritse de Jong, Johannes Rypma, Hieke de Jong en Jennifer de Vries.

De kampanje

De kampanje om #dêromfrysk hinne wie yn febrewaris 2021 en hat in gearwurking west tusken de Afûk, SJB Media en Omrop Fryslân. In protte minsken, wêrûnder in soad learlingen, binne dermei berikt. Der hawwe reportaazjes west op Omrop Fryslân en by Shownieuws, ynterviews op ferskate radiostjoerders en fansels oandacht yn papieren en digitale kranten.

Lês hjir mear oer it sukses fan de kampanje 

Besjoch hjirûnder de playlist mei alle fideo’s fan de kampanje