#DêromFrysk moat learlingen entûsjast meitsje foar Frysk as eksamenfak

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
11 febrewaris 2021
Mei in folslein nije en ynnovative kampanje moatte learlingen fan it fuortset ûnderwiis ynspirearre wurde om it Frysk as eksamenfak te kiezen. Dy kar sil ynkoarten wer makke wurde moatte en de Afûk, SJB Media en Omrop Fryslân wolle learlingen dêrby helpe troch sjen te litten hoe leuk, mar ek hoe oft wichtich it Frysk is. Foar de kampanje #DêromFrysk is oansluting socht mei de doelgroep, learlingen kinne fia Google Assistant nammentlik letterlik it petear oangean mei bekende Friezen.

It Frysk ûnder de oandacht bringe by dy doelgroep is wichtich neffens projektkoördinator ûnderwiis Lisa Boersma fan de Afûk: ‘Prosintueel sjoen is de groep learlingen dy’t eksamen Frysk docht net grut. Troch harren bewust te meitsjen fan de foardielen fan it Frysk yn kombinaasje mei kânsen foar de takomst, wolle wy mei dizze kampanje de kommende jierren wurkje ta in gruttere groep eksamenkandidaten. Dy bewustwurding hoopje wy breder ynsette te kinnen as allinnich by de learlingen. It is nammentlik noch mar op 13% fan de skoallen mooglik om Frysk as eksamenfak te kiezen.’

Einredakteur Janjelle Ringnalda fan Omrop Fryslân Tsjil sjocht it belang ek: ‘Wy sykje aktyf it kontakt mei ús doelgroep. Dizze tûke kampanje slút goed oan by wat wy al in soad dogge by Omrop Fryslân Tsjil; jongerein benaderje wêr’t sy binne, online.’

Fia de filmkes dy’t de Fryske ‘influencers’ sels pleatsten waarden learlingen stimulearre de fraach ‘Hey Google, praat met een bekende Fries?’ te stellen. Yn it telefoanpetear dat folget fertelt bygelyks Jesse van Wieren dat hy it Frysk wol as eksamenfak hie en dat echt as in kadootsje fielde. In unyk konsept neffens makker en produsint Sipke Jan Bousema: ‘Om de jongerein te berikken hawwe wy socht nei ynnovative en unike tapassingen. Mei de kombinaasje tusken Google Assistant en YouTube is it ús slagge in kombinaasje te finen dy’t noch nea earder brûkt is en dêr’t jongerein it idee by hawwe echt te beljen mei bekende Friezen. Dy tapassing liede al ta hilaryske mominten, want do hast it gefoel as giet de telefoan écht oer. Besykje mar ris! Ik bin grutsk dat ik sa in bydrage leverje kin oan it stimulearjen fan de Fryske taal.’

Foar dizze unike kampanje sochten de trije partijen de gearwurking mei-inoar. Alles mei it doel de groei fan it Frysk op in ynnovative wize te stimulearjen.