Arjan Hut, foto Reyer Boxem

Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan
23 oktober 2025
Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut: “De ofrûne twa jier gongen sa fluch foarby, ik ha it gefoel as bin ik pas op ’e helte. Dizze ekstra tiid jout my de nedige romte. Benammen foar de Dichter fan Fryslân-projekten dêr’t ik no mei dwaande bin, lykas de eksposysje en de blomlêzing dy’t ik yn ’e mande mei de foarige Dichters fan Fryslân gearstal.”

Mei yngong fan ein takom jier beneamt in troch de provinsje Fryslân oanstelde seleksjekommisje om ’e trije jier in nije Dichter fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje.

Nij gedicht
Mei boppesteand nijs, ferskynt hjoed ek in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân. Arjan Hut dêroer: “Yn guon streken falle bommen as ripe fruchten út de loft. In rare gedachte, foar wa’t troch in paradyslik hôf kuieret, mei in apel yn de hân.”

Net op ús

Op it itenshôf by Stiens
nim ik swarte beien en plôkje in apel
nim in hap en tink krekt oan dy
as de loft djip iepenblaft
in militêr fleanskip snijt in bocht
oer it doarp, syn metalen gewicht
drukt my op de earen

as er achter de hege beammen
út it sicht ferdwynt
knyp ik ien fan de beien fyn
sa komme de lytse lûden werom:
de blauwe libelle ferskûle yn ’e tûkebosk,
jonkjes te baljen lâns de feart,
it happen yn in apel

ik wit wol dat dizze masine
gjin bommen falle lit, net op ús, dochs
is der dy huvering, en ik draai my om
nei de wite toer
op de terp fan Britsum

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Mear ynformaasje oer it projekt Dichter fan Fryslân, in Nederlânske en Ingelske oersetting fan it gedicht, mar bygelyks ek alle oare gedichten, binne te finen op www.dichterfanfryslan.nl.