Dichter fan Fryslân begjint syn skoalletoer yn Wolvegea
Wêrom kin literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma spesjaal foar middelbere skoallen. Hy makket dêrby tankber gebrûk fan syn eigen erfarings op de middelbere skoalle: ‘Literatuer en poëzy giet oer dysels, oer dyn eigen libben. Oer minsken fan dyn eigen leeftyd, yn deselde stêden en doarpen as dû, mei deselde fragen en langsten.’
Op tagonklike en humoristyske wize bringt hy yn it lesprogramma syn (foar in grut part eigen) ferhaal. In ferhaal oer syn eigen middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.
De Dichter fan Fryslân ek fergees by jim op skoalle? Meld jim no oan! Ek foar mear ynformaasje sjochst op www.dichterfanfryslan.nl.