Foto: Jacob van Essen

Dichter fan Fryslân op Poetry International Rotterdam

Boeken fan Fryslan Frije tiid
21 maaie 2021
Spesjaal foar Poetry International makke Nyk de Vries, tegearre mei it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet, de poëtyske muzykfoarstelling ‘TAGELYK’. De foarstelling is yn it Nederlânsk en it Frysk en is ûnderdiel fan it iepeningsprogramma fan Poetry International op freed 11 juny.

Nei ferwachting sil de Dichter fan Fryslân op snein 6 juny in try-out jaan yn de Lawei yn Drachten. Op sneon 12 juny is de foarstelling ek te sjen yn Theater Walhalla yn Rotterdam.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it festival op www.poetry.nl.