Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar oktober

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
1 oktober 2025
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek foar de moanne oktober ha wy wer mei in moaie seleksje makke!

Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús boeketip 10 steane of kom ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.  Yn de Afûkwinkel en -websjop fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken en kado-artikels yn en oer it Frysk en Fryslân, foar alle leeftiden.

Dit is de Afûk boekeTIP10 foar oktober:
1) De kening sûnder hynder (Afûk)
2) De ierde giet troch minskehân teloar (Het Nieuwe Kanaal)
3) Tryater spilet! (Afûk)
4) Fan dingen ensa (Wijdemeer)
5) De Wâldpykjes en harren syktocht nei de wichter (eigen behear)
6) It geheim fan Gurja (de Ryp)
7) Leeuwarden, Fryslâns hoofdstad (Noordboek)
8) Mienskiplike dealer (Bornmeer)
9) Wybrand de Geest – Meesterlijke portretten (Wbooks)
10) Treastbrief oan mem Helvia (eigen behear)