Dit is ús Boeketip 10 foar jannewaris

Frije tiid
7 jannewaris 2021
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP 10 en net de boekeTOP 10. Ek yn it nije jier begjinne wy yn jannewaris wer mei in moaie seleksje!

Sjoch yn ús websjop hokker titels der dizze moanne yn ús boeketip 10 steane of kom – as it wer kin – ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert!