Dit is ús taal

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
9 septimber 2019
Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongerein dielt massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan is op de Fryske taal en taalbelibbing en hoe't it krekt kin dat Frysk sa populêr is by de jeugd. Oanslutend is de earste ôflevering fan Picture Poems te sjen: Fryske gedichten yn byld brocht.

Lysbeth Jongbloed-Faber fan de Fryske Akademy hat ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan De Hûnekop. Harren muzyk hat ynfloed op de taalbelibbing en identiteit by de fans, seit Lysbeth. Dat komt troch de ûnderwerpen dêr’t se oer sjonge. De Hûnekop lit neffens har sjen dat it okee is dat je Frysk binne en net ûnder dogge foar de Rânestêd.

“1, 2, 3 sil ik dy snije. Ik hie noait tocht dat se dat by Omrop Fryslân draaie soene”, seit sjonger Emiel Stoffers fan De Hûnekop. Yn oktober komme se mei harren nijste album: ‘Monsterachtig’. Dat dit net geef Frysk is, ynteressearret Emiel net: “Dat is net myn taak, mar it is wol ‘fucking cool’ om Frysk te praten.”

Better kinst it net krije
Undersykster Lysbeth sjocht wat dat oanbelanget folop kânsen foar it Frysk. Want troch de sosjale media wurdt it Frysk foaral fan ûnderop brûkt, en better kinst it net krije, seit se. “In taal dy’t digitaal brûkt wurdt, stjert gjin dea.”

Selsbewust of selsrjochtfeardiging
Neffens Bert Looper fan Tresoar moatte ynstituten as Tresoar, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy folle frijer bewege yn de nije multymediale en kulturele kontekst. Net tinke út ferdiging of benaudheid wei. Tagelyk sjocht hy ek de spanning tusken it Frysk brûken út selsbewustwêzen of selsrjochtfeardiging wei.

Fryslân DOK: Dit is ús taal
De dokumintêre is snein 15 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Ek te sjen op sneon 14 septimber om 15.30 oere en snein 15 septimber om 13.00 oere op NPO 2. De dokumintêre is makke yn opdracht fan it mediaplatfoarm Finster op Fryslân en mei mooglik makke troch Lân fan taal, yn it ramt fan de legacy fan LF2018.

Picture Poems
Yn itselde wykein, op 14 en 15 septimber, is ek de earste fan in searje Picture Poems te sjen op Omrop Fryslân en NPO 2. De Picture Poems sitte efter de dokumintêres fan Fryslân DOK en binne de kommende 12 wiken te sjen. Se besteane út koarte klips op Fryske gedichten.

Registraasje teätertoer De Hûnekop
Op sneon 14 en snein 15 septimber stjoert Omrop Fryslân om 22.00 oere ek de teätershow fan De Hûnekop út. De show sit fol mei muzyk, sterke ferhalen en in soad humor.