Doch in boek kado
Ynpakservice en fergees ferstjoeren
Om de feestdagen hinne is winkeljen by de Afûk nóch leuker en foardieliger as oars! Spesjaal foar de feestdagen pakke wy dyn kadootsjes yn mei it moaiste kadopapier. En fan takomme sneon 20 novimber ôf wurdt in hiele wike lang dyn bestelling ek noch fergees by dy thúsbesoarge!
Bestel ienfâldich
Bestellen is hiel ienfâldich! Download de ferlanglist, printsje ‘m út, krús oan hokker boeken asto kado jaan wols, folje dyn gegevens yn en stjoer ’m op nei Sinteklaas, p/a de Afûk Fryske boek- en kadowinkel (Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert). Wy stjoere dyn bestelling (mei in rekken) dan sa gau as mooglik nei dy ta. Kinst de ferlanglist fansels ek meinimme ast nei ús winkel ta komst. Of brûk de ferlanglist foar dysels om oan Sinteklaas troch te jaan hokker boeken ast séls graach krije soest.
Gjin ferstjoerskosten
Yn de wike fan 20 oant en mei 27 novimber betellest gjin ferstjoerskosten (binnen Nederlân)! Dat jildt foar de ynstjoerde ferlanglisten, mar ek ast de boeken yn dy wike bestelst fia websjop.afuk.frl. Meitsje yn dat gefal gebrûk fan de koartingskoade: DIBKSINT21 by it pleatsen fan dyn bestelling.
Wy winskje dy in soad winkel- en lêswille ta!
Folgje de Afûk op Facebook en Instagram foar mear moaie aksjes! Of abonnearje dy op ús digitale nijsbrief. Oant sjen!