Download fergees: 4 ynteraktive aventoeren fan Rinze de Kikkert

Frije tiid Leare & ûnderwiis
5 novimber 2018
De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Se binne leuk foar op dyn tablet thús mar ek beskikber as digiboerd-ferzje en kinne dus ek yn de klasse brûkt wurde! Download se fergees fia de App Store of Google Play.

Kinst de ferhaalstjes sels foarlêze, mar se kinne ek ôfspile wurde. Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes mei Rinze’s AaBee! De e-boekjes binne geskikt foar sawol de iPad as Androidtablets. Foar bern fan 4 jier ôf. Besjoch it filmke en sjoch foar mear ynformaasje ek op http://rinzedekikkert.nl/.