Earste edysje fan BoekWinterBoekfeest yn Snits

Boeken fan Fryslan Frije tiid
23 jannewaris 2020
Yn neifolging fan it BoekSimmerBoekfeest organisearret Boeken fan Fryslân no it BoekWinterBoekfeest. In feest foar skriuwers, lêzers en elk dy’t ynteressearre is yn moaie ferhalen. Foar dizze earste edysje fan it BoekWinterBoekfeest is in Ferhalewedstriid útskreaun. De winner fan de wedstriid wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn of har ferhaal foardrage oan it publyk. It BoekWinterBoekfeest hat as tema ‘Koek en Sophie’ en wurdt holden op freed 31 jannewaris om 20.00 oere yn Café de Bakkersdochter yn Snits.

Boppedat sille op it BoekWinterBoekfeest fiif koarte ferhalen foardroegen wurde troch Henk van der Veer, Klaas Jansma, Baukje Zijlstra, Sipke de Schiffart en Willem Schoorstra as fertsjintwurdigers fan de Fryske skriuwers. Livemuzyk is der fan it duo Weima & vd Werf.

Yn juny 2019 waard foar it earst it BoekSimmerBoekfeest organisearre troch Boeken fan Fryslân. It stribjen is om fan beide feesten in weromkommend evenemint te meitsjen.