Skelte Anema (Afûk) oerhandiget it earste eksimplaar oan Melissa Bakhuizen – van der Molen (IBS ‘t Pompeblêd)

Earste eksimplaar nije lesboekjes ‘Skriuw- en Staveringsline’ útrikt

Leare & ûnderwiis
3 july 2025
Op tiisdei 1 july 2025 is op basisskoalle it Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaar útrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Nei de presintaasje waard de earste offisjele Fryske les út de nije metoade jûn oan groep 7 fan ‘t Pompeblêd.

De moarn begûn mei it útrikken fan de earste boekjes oan juf Melissa Bakhuizen – van der Molen, troch Skelte Anema fan de Afûk. Melissa is juf fan groep 6 en taalkoördinator op de skoalle. Anema: “Wy ha der noch oer neitocht om pommeranten te freegjen om it earste boekje yn ûntfangst te nimmen, mar dochs keazen foar ien fan de learkrêften. Uteinlik binne de juffen en masters fansels ús wichtichste ambassadeurs, sý moatte mei it boekje wurkje en de metoade oerbringe op de learlingen.”

Nei de útrikking fan de boekjes waard der in les fersoarge troch master Hessel yn groep 7. Hy sei nei ôfrin: “Dit is krekt wat we nedich hiene, it slút oan by ús fyzje en de opdrachten sprekke de learlingen hiel bot oan!”. Ek Andries Pieter, learling út groep 7 wie entûsjast. “Frysk is de taal fan myn hert en dêrom fyn ik it wichtich. Ik fûn foaral de opdracht mei it geheimtaal in moaie en leuke opdracht.”

De nije Skriuw- en Staveringsline is in folsleine metoade foar skoallen dy’t it Frysk in moai plak jaan wolle yn harren taalûnderwiis. De boekjes binne ûntwikkele foar it primêr ûnderwiis en mei dizze metoade leare bern net allinnich goed Frysk staverjen, mar ek frij én kreatyf skriuwen. Mei ferhalen, dialogen en ferskate stylfoarmen ûntdekke sy de Fryske taal op in natuerlike en útdaagjende wize.

De metoade bestiet út fjouwer nivo’s mei elts seis staveringslessen en seis lessen kreatyf skriuwen. It materiaal kin fan groep 5 ôf ynsetten wurde op skoalle, mar jout ek de romte om eventueel op in letter momint te starten. Sa slút it materiaal goed oan by it ferlet fan de skoalle en de útdagingen fan de doelgroep. De twatalige hantlieding helpt de learkrêft by it tarieden, útfieren en evaluearjen fan de lessen. De Afûk hat hjirmei in tagonklike metoade ûntwikkele dy’t in stevige basis jout foar it Frysk skriuwûnderwiis. De boekjes binne fan no ôf te bestellen fia: https://websjop.afuk.frl/.