Durk Boer fan Albert Heijn Damwâld, foto: Praat mar Frysk

Earste Frysktalige supermerken dizze wike iepene

Frije tiid Oer it Frysk Op it wurk
20 desimber 2019
Yn oktober die de Afûk in oprop oan supermerkûndernimmers yn Fryslân om it Frysk yn harren winkels mear sichtber te meitsjen. Meardere ûndernimmers hawwe dêrop reagearre en nei oanlieding dêrfan wurde dizze wike de earste twa Frysktalige supermerken offisjeel iepene. ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar en de Albert Heijn yn Damwâld binne fan freed 20 desimber ôf op en top Frysk.

Fannemoarn hat deputearre Sander de Rouwe yn Eastermar de Fryske ferzje fan ‘Alles ûnder ien dak’ iepenje. Op dyselde dei is yn Fryslân ek de earste echte twatalige Albert Heijn iepene, nammentlik dy yn Damwâld. Yn beide supermerken hawwe se de ôfrûne wiken hurd wurke oan it ferfryskjen fan de winkel.

Ynspiraasje
By dizze aksje waard de Afûk ynspirearre troch de Dútske supermerk EDEKA, dy’t hieltyd mear winkels yn Ostfriesland foarsjocht fan twatalige opskriften yn it ‘Ostfreesk’ njonken it Dútsk. It bewust yn de merk setten fan ‘Ostfreeske’ supermerken wie in grut sukses. Der kaam mear bining mei minsken út it doarp, der wie mear oanrin út omlizzende doarpen en de toeristen fûnen it hast noch moaier as de minsken út de streek. Koartsein: positive reaksjes én in hegere omset.

Grutte mearwearde
Supermerk ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar hat in wichtige funksje yn it doarp en de regio, seit eigener Sjouke Wijnsma: “Der binne alle jierren in soad toeristen dy’t Eastermar in besite bringe. De measten fan harren fine de Fryske taal tige nijsgjirrich. Spitigernôch is it Frysk net altiten hiel sichtber. Hjir wolle wy it ferskil meitsje troch alle talige uteringen yn ús winkel dêr’t wy sels stjoer oer hawwe, te ferfryskjen. Foar ús winkel is dat fan grutte mearwearde, mar ek foar ús klanten út de regio en de toeristen.”

In lytse stap om it Frysk mear sichtber te meitsjen
Durk Boer, bedriuwslieder fan de Albert Heijn yn Damwâld: “In soad fan ús klanten prate Frysk, ús kollega’s ek, en wy roppe yn it Frysk om. It Frysk is by ús rûnom te hearren en dêrom is it in lytse stap om it Frysk ek mear sichtber te meitsjen yn ús winkel. It sjocht der prachtich út en it fielt mear eigen, wy binne dan ek benijd nei de reaksjes fan ús klanten.”