Eksposysje tekeningen Elske Schotanus

Frije tiid
5 desimber 2018
Skriuwster en byldzjend keunstner Elske Schotanus publisearre earder dit jier by de Afûk de roman Wurk. Dêryn nimt se ûnder oaren de keunstwrâld yn Fryslân op it harspit. Ek skreau se in biografy oer keunstner Pier Feddema. Yn de moanne desimber lit Elske Schotanus no ek eigen wurk as keunstneres sjen. Foar dizze eksposysje is in seleksje makke fan wurk op papier, yn ferskate techniken en formaten. Op 16 desimber is Elske Schotanus sels oanwêzich yn de Pronkkeamer, fan 14.00-16.30 oere. Mear ynformaasje: De Pronkkeamer.