Lêzing fan it Skriuwersbûn

9 February

Hjoed hâldt it Skriuwersbûn in lêzing dy’t foar elk tagonklik is. Abe de Vries sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra (1821-1914), samler en skriuwer fan folksferhalen en ek einrekdakteur fan it Frysk wurdboek. Wat makket Waling Dykstra sa spesjaal en nijsgjirrich en hoe wurket dat: in biografy skriuwe?
De lêzing begjint om 10.30 oere. Lokaasje: Nieuw Allardsoog (seal De Eend), Bakkefean. Nei ôfrin is der in lunsh mei de oanwêzige skriuwers, om te praten oer harren wurk en de Fryske literatuer yn it algemien. Oanmelde en ynformaasje: ynfo@skriuwersbun.frl.